COA wol wer 4 asylsintra slute

© Omrop Fryslân
It sintraal orgaan opfang asylsikers (COA) wol kommend jier de azc's fan Wolvegea, Harns, Frjentsjer en Appelskea slute. It is noch net hielendal wis oft de asylsikerssintra tichtgeane, it giet no noch om in foarnommen beslút.
Reden foar de sluting is dat der minder asylsikers komme. Yn de fjouwer azc's is plak foar yn totaal twatûzen bewenners. It azc Burmania yn Ljouwert giet ek ticht, dat wie al bekend.