Biltdiken gjin monumint

© Omrop Fryslân
De Biltdiken by Sint Anne en Sint Jabik wurde net oanwiisd as ryksmonumint. De gemeente sjocht net genôch foardielen yn in status as monumint. Yn 1998 al krige de gemeente it fersyk om ris oer sa'n status nei te tinken.
Mooglik soene de lange Biltdiken, mei har karakteristike hûskes dan better beskerme wurde kinne. Wethâlder Hornstra tinkt dat de beskerming fan de Biltdiken ek goed regele wurde kin yn it bestimmingsplan.