Plaat foel troch minsklike fout

23 nov 2004 - 09:01

It wer fallen fan in gevelplaat fan de Achmeatoer wie it gefolch fan in minsklike flater. Dat seit wurdfierder Modderman fan boubedriuw Fryslân.

Freed kaam foar de tredde kear in plaat nei ûnderen. Alle platen wiene nei twa eardere insidinten ekstra fêst set. De plaat dy't no nei ûnderen kaam is, is dêryn net meinommen, nettsjinsteande warskôgings fan de arsjitekt en TNO. Achmea sil alle platen no op 'e nij fêstsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)