Kramer brekt eigen rekord

22 nov 2004 - 17:20

Sven Kramer (18) fan Aldskoat hat sneon by de Wrâldbekerwedstriden yn Berlyn in wrâldrekord op syn namme skreaun. Hy kaam op de 5 kilometer nei 6.28,27 oer de einstreek en ferbettere dêrmei syn eigen junioare-wrâldrekord.

Kramer waard njoggende op de 5 kilometer. Gianni Romme waard earste op dy ôfstân yn in tiid fan 6.14,70. Twadde waard Oystein Grodum út Noarwegen en Carl Verheijen kaam as tredde oer de einstreek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)