Skea troch frachtweindieverij

22 nov 2004 - 15:30
Foto: Omrop Fryslân

Der is foar tweintichtûzen euro skea oanrjochte by tegelhannel Julius van der Werf yn Ljouwert. Dieven hawwe dêr sneintenacht in frachtwein stellen. Foar't se fuortriden hawwe se de lading fan de frachtwein ôf skood.

Op it terrein fan it bedriuw lizze no allegear fliertegels en lym. De dieven koene fuortkomme fia it stikkene stek fan de buorlju.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)