Cramer fyfde by efterfolging

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer is sneon by de Wrâldbekerwedstriden reedriden yn Berlyn fyfde wurde by de ploechefterfolging. Se ried tegearre mei har ploechgenoaten Jenita Hulzebosch-Smit en Moniek Kleinsman yn in tiid fan 3.06,81. Canada hat de ploechefterfolging wûn yn 3.03,07.
Op de 1500 meter waard Wieteke Cramer tsiende yn in tiid fan 2.02,40. De 1500 meter waard wûn troch Cindy Klassen (Canada) yn 1.56,81.