Treinkondukteur biten

© Omrop Fryslân
In man fan 27 út Starum hat snein in treinkondukteur biten. De man siet sneintejûn mei in âld kaartsje yn de trein. De treinkondukteur woe dêrom in útstel fan betelling útskriuwe.
Doe't de kondukteur de bon skriuwe soe, sloech de Starumer him syn aginda út de hannen. In oare kondukteur kaam derby, mar de man fersette him en biet yn fan de kondukteurs yn it skouder. Hy is oanhâlden en oerbrocht nei it buro.