D66 net foar ôfsjitten herten

© Omrop Fryslân
It is de steatefraksje fan D66 noch net dúdlik wêrom't de provinsje fyftich damherten ôfsjitte wol. D66 hat earder foarsteld om de damherten oer te bringen nei de Hoge Veluwe. Dêr soene se in beskerme status hawwe.
De steatefraksje hat op 'e nij fragen steld oan deputearre steaten oer de damherten. D66 wol witte wêrom't de provinsje beweart dat de damherten skea oanrjochtsje oan it gewaaks en in gefaar binne yn it ferkear.