Buorlju boarne fan oerlêst

22 nov 2004 - 11:05

Buorlju binne fierwei de grutste boarne fan oerlêst foar Ljouwerters. Dat docht bliken út de evaluaasje dy't de gemeente makke hat fan it meldpunt oerlêst. Fan de goed 800 klachten giet hast de helte oer oerlêst fan buorlju.

De twadde grutte boarne fan oerlêst wurdt feroarsake troch omhingjende jongeren op 'e dyk. It meldpunt oerlêst bestiet sûnt 2003 en foldocht goed. 80 Persint fan de minsken is tefreden oer de ôfhanneling fan de klacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)