Jongeredebat oer feiligens

21 nov 2004 - 13:16

Guon Ljouwerter jongeren fiele har sa ûnfeilich dat se mei in wapen op stap wolle. Sa die freedtejûn bliken by in diskusje fan de Jongeren Adviesraad yn Ljouwert. It debat tusken jongeren en politisi gie ûnder oare oer deteksje- poartsjes by skoallen en disko's.

Opfallend wie dat jongeren dêr tsjin binne en har feiliger fiele mei in mes yn de bûse. Neffens de oanwêzigen moat de plysje oanjeftes fan mishanneling serieuzer nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)