Fryske taalhelp presintearre

© Omrop Fryslân
Minsken dy't Frysk skriuwe of Frysk skriuwe wolle kinne fan nije wike ôf gebrûk meitsje fan de Fryske taalhelp. De Fryske taalhelp is in CD-rom mei in wiidweidige staveringshifker en in digitaal wurdboek mei mear as 60.000 wurden. De disk jout ek útlis oer betiizjende wurden.
De Fryske taalhelp is makke troch de Fryske Akademy yn opdracht fan 'e provinsje. Yn gearwurking mei it GCO komt der ek in taalhelp foar bern.