Wer ûngelokken troch min waar

21 nov 2004 - 12:33

Winterske buien soargje noch hieltiten foar problemen. Neffens de plysje is it dreech om te struien tsjin de glêdens, dy't faak in tige pleatslik karakter hat. Lykas op freed ha him ek op sneon ferskate oanriding foardien, mei oant no ta allinnich blikskea.

Der wiene oanridings op 'e A7 by Beetstersweach, op 'e A32 by Grou en Wolvegea en op de A31 by Dronryp. Sneontemiddei skode tusken Ljouwert en Hurdegaryp in auto fan 'e dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)