Futsal: H'fean leit út de beker
It earedivyzje sealfuotbalteam fan Hearrenfean is freedtejûn útskeakele foar de bekerkompetysje. Fan koprinner ZSW Schaffer fan 'e earste divyzje waard mei 2-1 ferlern. Hearrenfean begûn wol goed oan de wedstriid, mar wist net te skoaren. Schaffer die dat wol en boude in 2-0 foarsprong op.
Hearrenfean makke acht minuten foar tiid 2-1, en dat wie eins krekt te let. Yn it slotoffensyf krige de ploech wol kânsen, mar der waard net mear skoard.
Trefwurden:
argyf