'Oanpak Opsterlân is yn oarder'

20 nov 2004 - 11:21

De ûnderwiisynspeksje is tefreden oer hoe't Opsterlân dwaande is mei it oplossen fan 'e ûnderwiiskrisis. Dat skriuwt de ynspeksje yn in brief oan wethâlder Duursma. Opsterlân krige in pear wike lyn ferneatigjende krityk fan 'e ynspeksje, omdat basisskoallen min presteare. De gemeente soe gjin fyzje hawwe en ek gjin lieding jaan.

In spesjale kommisje is no mei de problemen te set. De ynspeksje is wiis mei dy stap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)