Rapper Remon wint priis

20 nov 2004 - 09:59

Rapper Remon de Jong fan It Hearrenfean hat 10.000 euro wûn foar syn auto. Hy hat de wedstriid Pimp My Ruud wûn op Radio 538. Pimp My Ruud komt fan it MTV-programma Pimp My Ride, wêryn't je in âld brik fan in auto troch de bêste monteurs oplaapje kinne litte.

Rapper Lange Frans hat bepaald dat Remon de Jong de bêste rap skreaun hat oer syn bestelbus. Hy mei no syn auto foar 10.000 euro 'tune' litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)