Woudagemaal yn wurking set

19 nov 2004 - 17:44

It Wetterskip Fryslân hat it Woudagemaal by Teakesyl yn wurking set. It stoomgemaal moat helpe om it tefolle oan wetter yn de Fryske boezem fuort te pompen. Der is de ôfrûne 24 oeren mear wetter fallen as ferwachte en de gewoane gemalen kinne dat net oan.

Boppedat wurdt der noch mear delslach ferwachte. It wetterskip hie it Hooglandgemaal by Starum ek al yn wurking steld. It Woudagemaal is freedtenacht om 12 oere op sterkte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)