Bijman nei Brussel foar jild

© Omrop Fryslân
Deputearre Bijman sil moandei sels nei Brussel om jild te heljen foar it Noarden. It giet om jild foar de ekonomyske ûntjouwing fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
Tegearre mei de kommissarissen fan dy provinsjes sil Bijman besykje sa folle mooglik subsydzje binnen te heljen foar de perioade fan 2007 oant 2013. Mei de besite oan Brussel omsile de bestjoerders it kabinet dat eins gjin jild mear jaan wol oan it Noarden.