Guon asylsikers kinne yn berop

19 nov 2004 - 17:28

Mooglik hûnderten asylsikers yn Fryslân kinne it beslút fan minister Verdonk oanfjochtsje om gjn ferbliuwsfergunning te jaan. Dat is it gefolch fan in útspraak fan de Steatsrie freed.

It giet om asylsikers dy't de minister yn in brief om in pardon frege ha fanwege skrinende omstannichheden. Neffens de minister koe se dy fersiken ôfwize, om't it gjin offisjele oanfragen wiene. De Steatsrie hat no oars bepaald.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)