Provinsje sil faker nei rjochter

19 nov 2004 - 16:15

De provinsje sil faker nei de rjochter stappe om derfoar te soargjen dat bedriuwen har oan de miljeuregels hâlde. Ferantwurdlik miljeudeputearre Baas seit dat nei it bestudearjen fan de earste resultaten fan in grutte miljeukontrôle yn de provinsje.

De provinsje kin troch in stap nei de rjochter oan bedriuwen sjen litte dat se de miljeuregels serieus nimme. By de kontrôle fan de ôfrûne dagen binne 153 oertredings konstatearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)