Dochs limyt foar garnalefiskers

© Omrop Fryslân
De fiif produsinte-organisaasjes foar garnalefiskers meie har eigen fiskers dochs in fangstlimyt oplizze. Dat hat de NMa woansdei sein. Twa jier lyn krige de fiskerijsektor noch in boete fan 13 miljoen euro oplein fanwege priisôfspraken.
No meie dy ôfspraken dochs wer makke wurde. Mar allinnich as de ferskate produsinte-organisaasjes de ôfspraken net iepenbier meitsje. Se meie allinnich de eigen fiskers ynljochtsje.