Flexdent freget surséânse oan

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter bedriuw Flexdent hat útstel fan betelling oanfrege by de rjochtbank yn Ljouwert. Flexdent hat sân toskedokterspraktiken, wêrûnder twa yn Fryslân. It haadkantoar stiet yn Ljouwert.
Flexdent sit yn finansjeel swier waar om't it bedriuw de lêste jierren te hurd groeid is. Dêrtroch kinne ynvestearrings dy't yn it ferline dien binne, lêstich werom betelle wurde. It bedriuw is no op syk nei ynvestearders.