Mooglik elektrobus op Skier

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat der takom jier in elektrobus oer Skiermûntseach rydt. De bus is bedoeld foar âlderen en handikapten. Se kinne dermei reizgje, mar de bus kin ek brûkt wurde om iten foar âlderen mei rûn te bringen.
De elektrobus is in inisjatyf fan de stifting Welzijn Senioren op Skiermûntseach. De waarme mielen waarden no noch besoarge mei in buske fan Welzijn Senioren. It buske is lykwols ferâldere.