Strjittepriis falt yn Holwert

© Omrop Fryslân
De bewenners fan de Tsjerkestrjitte yn Holwert koene it woansdei hast net leauwe doe't se hearden dat se de winners wiene fan de strjittepriis fan de nasjonale postkoadelotterij. De grutte knaller yn de strjitte wie foar de 24-jierrige Jacob Veendorp.
Syn njoggen lotten wiene goed foar 112.500 euro. En oft dat noch net genôch wie, krige er ek noch in nagelnije BMW kado.