Mishanneling yn Drachten

19 nov 2004 - 10:27
Foto: Omrop Fryslân

In 23-jierrige ynwenner fan Drachten is tongersdei mishannele troch in 53-jierrige man út dat plak. Yn in kafee oan de Noardkade krige it slachtoffer sûnder oanlieding skoppen en klappen.

Ek hie de fertochte de Drachtster by de kiel pakt en him in kopstjit jûn. De plysje koe de fertochte oanhâlde yn it kafee. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)