Media wolkom by rjochtsaak Awa

19 nov 2004 - 10:09
Foto: Omrop Fryslân

De rjochtsaak tsjin de no 17-jierrige Awa út Ljouwert op 16 desimber is tagonklik foar media en publyk. Dat hat de rjochtbank tongersdei besletten. Awa wurdt fertocht fan poging ta moard op syn freondinne en bedriging en mishanneling fan in oar famke.

It bart net faak dat in rjochtsaak tsjin in minderjierrige iepenbier behannele wurdt. Neffens de rjochter giet yn dit gefal it algemien belang boppe de privacy fan 'e fertochte.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)