Minder bern fêstlein yn bêd

19 nov 2004 - 10:04

It tal âlden yn Fryslân dat de jonge bern fêstleit yn bed is it ôfrûne jier ôfnaam. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de thússoarchorganisaasjes yn Fryslân. Ferline jier lei rom 13 prosint fan de âlden syn jonge bern fêst mei riemen. No is dat noch 10%.

Alden dogge dat om't se bang binne dat har bern út bêd falt, dat it holtsje fergroeit of dat it bern ferstjêrt oan wiegedea. It fêstlizzen fan bern is lykwols gefaarlik. It bern kin stikke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)