Keunstgers Cambuur sertifisearre

19 nov 2004 - 00:00

It keunstgersfjild fan Cambuur is de earste yn in fuotbalstadion dy't foldocht oan alle easken fan 'e KNVB. Cambuur en keunstgersprodusint Edel Grass krigen freedtejûn in offisjeel sertifikaat fan ISA Sport, it ynstitút foar sportakkommodaasjes.

Omdat de UEFA ferline wike bekend makke dat ynternasjonale wedstriden ek op keunstgers spile wurde meie, wol Cambuur no besykje om Jong Oranje nei Ljouwert te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)