Hege funksje foar Gemser

18 nov 2004 - 16:38

Henk Gemser is beneamd ta bestjoerslid topsport fan it Nederlands Olympisch Comité en de Nederlandse Sport Federatie. De âld-reedrydbûnscoach hie net earder sa'n hege funksje.

Gemser is foaral bekend fan syn suksessen mei reedriders as Falko Zandstra, Leo Visser, Gerard Kemkers en Jan Ykema. Mei elkoar helle de Aldehasker mei syn riders trije Olympyske titels en fjirtjin wrâldkampioenskippen binnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)