Nije spiler foar Woon!Aris

© Omrop Fryslân
Woon!Aris hat de 25-jierrige Robert Sargeant op proef. De 1.99 meter lange Sargeant kaam foarich seizoen út foar Tampa University yn Amearika en hat de Britse nasjonaliteit. Foar dizze universiteit kaam Sargeant ta in trochsneed fan acht punten de wedstriid.
Dit seizoen kaam er twa wedstriden út foar it Hongaarske Dombovar. Woon!Aris besiket Sargeant takom sneon by de útwedstriid yn Weert yn te setten.