Melkfee-akademy kin útein sette

18 nov 2004 - 15:08

De finansiering foar de melkfee-akademy is rûn. Der is 4,5 miljoen euro nedich. Der komt 1,7 miljoen út de pot foar Fryske plattelânsprojekten. De akademy wurdt ûnderbrocht by proefbuorkerij Nij Bosma Zathe yn Ljouwert.

De plannen foar de melkfee-akademy besteane al langer, mar koene net trochgean sûnder it jild dat no tasein is. By de akademy moat alle kennis oer moderne melkfeehâlderij byïnoar brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)