Oefening mei bommen op Flyhors

© Omrop Fryslân
Belgyske en Nederlânske F16's oefenje de kommende tiid it smiten fan eksplosive bommen op de Flyhors op Flylân. It giet om bommen fan it type MK82, ek wol 500-pûners neamd.
Tongersdei binne de earste bommen goaid. De oefening giet noch troch oant begjin desimber. Meiïnoar sille yn dy perioade santich bommen smitten wurde. De oefening wurdt yn de gaten hâlden op Texel. Definsje hat dêr in post ynrjochte.