Minder bern prate Frysk

© Omrop Fryslân
Hieltyd minder bern prate Frysk. Fan de bern oant 10 jier praat sels mear as de helte allinne mar Hollânsk. Dat docht bliken út in ûndersyk fan buro NIPO yn opdracht fan Omrop Fryslân.
Benammen om't hieltyd mear Frysktaligen mei in Hollânsktalige trouwe wurdt it Frysk yn de thússituaasje net mear brûkt. Bern dy't thús al Frysk prate, dogge dat op skoalle ûnderling wer net. De measte Friezen binne posityf oer it Frysk mar hâlde net sa oan de taal fêst.