UPC feroaret radio-oanbod

18 nov 2004 - 11:53

Kabeleksploitant UPC wol yn njoggen gemeenten yn Noard-Fryslân it radio-oanbod feroarje. Der binne te folle stjoerders dy't op elkoar lykje, seit de programmaried. Sa wurde Rebecca, RTL FM en BBC1 fan de kabel helle.

Dêr komt mear klassyke musyk foar yn it plak. Ek fynt de programmaried dy't it oanbod bepaalt, dat der te min Nederlânstalige musyk op de kabel te hearren is. Dêrom komt der Radio NL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)