Guozzejagers oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitemoarn yn Ealahuzen trije jagers en in jachthâlder oanhâlden foar it sjitten op guozzen. De plysje hie hjirfoar fan de provinsje opdracht krigen. De jagers sketten op de guozzen fanôf in stik lân dat der net foar bedoeld is.
Der mei op guozzen jage wurde, mar allinnich as de guozzen fan doel binne om op stikken lân te lannen dy't gefoelich binne foar skea. Boppedat is der in spesjale ûntheffing nedich.