Brân by snackbar yn Ljouwert

18 nov 2004 - 09:44

Yn Ljouwert is woansdei in snackbar útbaarnd. Yn it bedriuw oan it Ruterskertier wie in koarte, mar fûle brân. Troch rap hanneljen fan de brânwacht koe tefoaren kommen wurde dat gebouwen derneist útbaarnden. Wol is dêr reek- en wetterskea.

De dyk by de bocht mei it Saailân hat oerenlang ticht west foar ferkear. De snackbar wie noch mar oardel wike iepen nei in ferbouwing fan trije moannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)