Grutte miljeukontrôle yn Fryslân

18 nov 2004 - 09:44

Sa'n 200 plysjeminsken, miljeu- ynspekteurs en amtners binne woansdei om 12.00 oere begûn mei in grutte miljeu-kontrôle yn Fryslân. Yn 24 oeren tiid krije 75 bedriuwen besite. Dêrby wurdt sjoen oft de miljeufoarskriften neilibbe wurde.

De ynspeksjes geane ek nachts troch. De provinsje, alle 31 Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân, plysje, ministearje fan VROM en ferskate miljeu- organisaasjes fiere de kontrôle út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)