Opgraving âlde slûs Nij Beets

© Omrop Fryslân
De Grontmij graaft woansdei in âlde slûs by Nij Beets op. It giet om de Suderslûs oan it Polderhoofdkanaal, de ferbining tusken de Nije Feart en de Feanhoop. De opgraving fynt plak yn it ramt fan in ferfolchûndersyk nei de weriepening fan it Polderhoofdkanaal.
Al tsientallen jierren wurdt der oer dy weriepening praat, skreaun en neitocht. De opgraving fan de slûs is ien fan de saken dy't de weriepening wer in stikje tichterby bringt.