2e Keamer: 800 miljoen foar Waad

17 nov 2004 - 16:23
Foto: Omrop Fryslân

De Twadde Keamer giet akkoart mei it útstel fan it CDA om 800 miljoen euro yn it Waadfûns te stoarten. It Noarden krijt it jild as kompinsaasje foar it boarjen nei gas yn de Waadsee. In moasje dêroer fan CDA-Twadde Keamerlid Atsma waard breed stipe.

It kabinet bliuwt by it stânpunt om mar 500 miljoen euro yn it Waadfûns te stekken. Dêrneist krige Atsma stipe foar in útstel tsjin tijwurking yn it Lauwersmargebiet.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)