UPC: gjin nije kabelbellers

17 nov 2004 - 16:04

UPC hâldt yn Ljouwert en omkriten op mei it oannimmen fan nije klanten foar beljen fia de kabel. Dat komt om't de kabelgigant yn de maityd fan 2005 grutskalich telefoan fia ynternet oanbiede wol. Mei telefoan oer de kabel wurdt noch per minút betelle.

Belje fia ynternet is nei fêste nûmers yn Nederlân fergees. Foar klanten dy't no fia de kabel belje, bliuwt de oansluting noch wol bestean, al hat UPC graach dat dy minsken ek oerstappe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)