Fosfor net skealik

© Omrop Fryslân
It fosfor dat tiisdei frijkaam, hat gjin grutte skealike gefolgen hân foar de sûnens fan learlingen en dosinten. Dat seit de GGD Fryslân.
De fosfor kaam frij nei in mislearre proef yn in skiekundelokaal fan Singelland yn Burgum. Guon learlingen krigen problemen mei sykheljen. Nei ferrin fan tiid gienen dy klachten oer en mochten de bern nei hûs ta. Twa fan har binne foar in ekstra kontrôle nei it sikehûs tabrocht.