Optreden Rijschool giet oer

© Omrop Fryslân
Sa'n 4000 bern fan Fryske basisskoallen wiene woansdeitemoarn yn it FEC yn Ljouwert foar in optreden fan de ferneamde Spaanse Rijschool. De Spaanse Rijschool mei de wrâldbekende wite Lippizaner-hynders komt út Wenen.
De Spaanse Rijschool hat lykwols net optreden. De skoalbern krigen yn stee dêrfan wol in show fan Fryske hynders te sjen. De Lippizaner hynders moasten útrêste mei it each op oare grutte optredens.