Mear winst foar Accell ferwachte

© Omrop Fryslân
Accell ferheget de winstferwachting foar dit jier. It fytsefabryk tinkt dat dat de winst per oandiel op syn minst 30 prosint heger útkomt as ferline jier. Earder gie Accell noch út fan in winsttaname fan 20 oant 30 prosint.
It betrouwen yn de jierwinst komt troch goede ferkeap fan fytsen en djoere fitnessapparaten. Ek de bedriuwen dy't Accell earder dit jier oernaam, de ûndernimmingen fan Juncker en Van Buuren & co, drage by oan de winst.