Soad oanrin keunstmoanne Amelân

17 nov 2004 - 12:10

De achtste edysje fan de keunstmoanne op it Amelân is in grut sukses. Op 26 ferskate lokaasjes op it eilân is dizze moanne it wurk te sjen fan 70 keunstners, ûnder oare út Dútslân en Denemarken.

Op guon lokaasjes ha al goed 1300 besikers west, wylst de keunstmoanne pas op de helte is. Ferline jier kamen der nei guon lokaasjes 2000 minsken yn de hiele moanne. Der binne skilderijen, foto's, keramyk en tekstyl te besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)