Jong Hearrenfean ûnderút by Ajax

17 nov 2004 - 10:09

Jong Hearrenfean leit út de beker nei it 1-2 ferlies fan moandeitejûn by Jong Ajax. De lêste kompetysjewedstriid ferlearen de beloften fan Hearrenfean ek al. Yn Amsterdam wie de earste helte dúdlik foar Jong Ajax. Dat waard ek yn 'e skoare útdrukt, doe't Kasmirski mei in ôfsstânsskot 1-0 makke.

Jos Hooiveld makke yn 'e twadde helte de lykmakker. Mar yn 'e blessueretiid skoarde Robin Mulder van Moppes de winnende goal foar Jong Ajax.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)