Hurdfarferbod Burgumermar bliuwt

© Omrop Fryslân
It hurd farren mei in speedboat op 'e Burgumermar bliuwt ferbean. Twa rekreaasjebedriuwen oan 'e mar dagen de provinsje foar de rjochtbank omdat it ferbod harren jild kostet. De rjochtbank yn Ljouwert hat no útsprutsen dat de provinsje as regeljouwer it ferbod foldwaande motivearre hat. Neffens de provinsje is it hurdfarren op 'e mar gefaarlik.
De rjochtbank hat tiisdei witte litten dat it hurdfarferbod bliuwe kin.