Gymseal hyt stookt yn fakânsje

17 nov 2004 - 09:55

De ôfrûne simmer hat it moannelang tropysk waarm west yn 'e gymseal fan Wytmarsum. Omdat de seal tusken ein maaie oant augustus net brûkt wurdt murk nimmen dat de seal linkendewei yn in sauna feroare. Yn dy perioade wurdt der benammen bûten sporte en is de gymseal net nedich.

Trochdat de kachel fierstente heech stie is de gemeente Wûnseradiel 4500 euro ekstra oan stookkosten kwyt, sa seit wethâlder Karel Helder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)