Drachtsters 'betinke' befalling

© Omrop Fryslân
It berjocht 'Drachtster vrouw (63) bevallen van dochter' op de foarside fan 'e Ljouwerter Krante fan tiisdei kloppet net. Yn 'e húshâlding is gjin poppe berne. De Ljouwerter Krante skriuwt dit op 'e webside fan 'e krante.
De minsken dêr't it om giet, soene tsjin de sjoernalist fan 'e krante, mar ek oan ferskate oaren ferteld ha dat der in poppe berne wie, dy't nei de berte ferstoarn wie.