Academie lit grut skip bouwe

16 nov 2004 - 14:11

De Maritieme Academie yn Harns lit in unyk opliedingsskip fan njoggentich meter bouwe. Kosten 3 of 4 miljoen euro. De skoalle moat it skip diele mei it Maritiem College yn Velzen.

It skip is in koppelferbân fan in duwskip en in tankduwbak. Der is plak foar 3 bemanningsleden en 22 learlingen. It kasko wurdt yn Roemenië makke, it skip yn Nederlân. Letter komt der ek in droege ladingduwbak by, as der jild foar is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)