Grien ljocht foar fúzje NLTO

© Omrop Fryslân
De lederied fan lânbou-organisaasje NLTO is moandei yn Drachten mei grutte mearderheid akkoart gien mei de fúzje mei de organisaasjes GLTO en WLTO. De fúzje sil offisjeel yngean op 1 jannewaris 2006, mar yn 'e praktyk sil al mei yngong fan jannewaris 2005 wurke wurde as ien organisaasje. Dat betsjut ûnder oaren dat it lânboublêd ferdwynt.
De namme feroaret net al te folle, want dat wurdt NLTO-Noard. It kantoar yn Drachten bliuwt ek gewoan iepen.