Frouckje State yn Lekker gids

© Omrop Fryslân
By Frouckje State yn Rypstjerk koe moandei de flage út. It restaurant is de twadde binnenkommer yn de jierlikse Lekker top 100. Yn de gids Lekker steane de bêste restaurants fan it lân. Frouckje State komt binnen op 69.
De gids neamt it iten by Frouckje State 'subliem, perfect en een culinair geweld'. Oare Fryske restaurants yn de gids binne Lauswolt, Koriander en Eindeloos. Sy binne dit jier allegear omheech gien yn de list.